'Adema moat fuort by Cambuur'

© Omrop Fryslân
De supportersklub fan Cambuur wol dat Cambuurfoarsitter Wytze Adema opstapt. Dat sei foarsitter Dicky Terpstra fan de supportersklub sneintemoarn yn it radioprogramma Sportkafee fan Omrop Fryslân.
De Ljouwerter klub is der it ôfrûne seizoen net yn slagge om by de earste seis te einigjen. Adema hie syn funksje oan it begjin fan it seizoen ferbûn oan it heljen fan de earste seis. En dat is Dicky Terpstra net ferjitten.