Mear wettersporters op 'e bon
De skipfeartynspekteur fan provinsjale wettersteat slingeret hieltyd mear wettersporters op 'e bon. Ferline jier wiene it der twa kear sa folle as yn 2002. Oarsaak is stranger tafersjoch en strangere regels foar it farren mei rappe boatsjes.
Dat sei deputearre Ton Baas freedtemiddei by de bekendmakking fan in nije foarljochtingskampanje foar de wettersporter. It biedwurd dit jier is 'Houd het midden vrij'.
Trefwurden:
argyf