Brân yn kafee op De Lemmer
In koarte, fûle brân hat sneontemoarn betiid in protte skea oanrjochte yn in hoarekabedriuw op De Lemmer. In foarbygonger ûntduts de brân om healwei fjouweren en warskôge de brânwacht.
Dy hie it fjoer om goed 04.00 oere út. Koartsluting yn in reklameboerd is mooglik de oarsaak fan de brân.