Earste peal skoalle Easterwâlde
Yn Easterwâlde is freed de earste peal fan it multyfunksjonele skoalgebou fan it Stellingwerf-kolleezje slein. It gebou kostet 16 miljoen euro. Neist de skoalle krije ek de biblioteken fan Súdeast-Fryslân en de muzykskoalle dêr ûnderdak.
It gebou wurdt realisearre op de âlde sportfjilden fan it Stellingwerf- kolleezje oan de Martenskamp. At it nije gebou heal 2006 klear is, komme dêr wer nije sportfjilden op.
Trefwurden:
argyf