De Vegt nei maratonploech BAM

20 maaie 2005 - 16:55

Reedriderscoach Wopke de Vegt fan Beetstersweach hat in nije ploech. Hy wurdt by it maratonteam fan BAM ferantwurdlik foar de technyske treningen. De ploechlieding en coaching bliuwe yn hannen fan Roelof Groen.

Wopke de Vegt wurke yn de jierren njoggentich mei de Nederlânske top fan it langebaanriden. Hy wie ûnder oare coach fan Rintsje Ritsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)