Bekerfinale strang befeilige

20 maaie 2005 - 16:54

De finale om de noardlike beker yn Westerbork wurdt dit jier strang befeilige. It KNVB hat dat besletten nei oanlieding fan ûngeregeldheden ferline jier. Doe wiene ûnder oare supporters fan Harkemase Boys belutsen by ûngeregeldheden.

Tidens de finaledei binne der mear stewards dan normaal en is der hast gjin bier te keap. Drachtster Boys is de iennichste Fryske klub dy't meidocht oan de finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)