Pijper net nei De Gordyk

20 maaie 2005 - 16:54

Theo Pijper docht net mei oan de gersbaanrace fan oankommende snein op De Gordyk. Pijper hat sels in race yn Skotlân en boppedat is syn stellen materiaal noch net wer werom.

Nest Pijper hawwe ek de toppers Paul Hurry, Dave Rumsey en Herbert Rudolph ôfsein. Dêrfoar komme de nûmers trije en fjouwer fan it WK, Bernd Diener en Enrico Janoschka, yn it plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)