Mear Frysk yn rjochtspraak

© ANP XTRA
Op mear rjochtbanken en gerjochtshôven yn Nederlân kin tenei it Frysk brûkt wurde, omdat de gerjochtshôven fan Ljouwert en Arnhem op 1 jannewaris 2013 fusearje. Troch dy fúzje kin aanst yn mear as de helte fan Nederlânske rjochtbanken skriftlike stikken foar de rjochtsaken yn it Frysk yntsjinne wurde. Foarhinne mocht dat allinnich yn Fryslân sels.
Neffens de presidint fan it Ljouwert gerjochtshôf sil it hôf tenei aktiver wize op it rjocht om it Frysk te brûken, troch dat bygelyks yn offisjele brieven en op sittingen te neamen.