Mieningen oer grûnwet ferdield

20 maaie 2005 - 15:12

In diskusjejûn op it Hearrenfean liet sjen dat de mieningen oer de Europeeske grûnwet bot ferdield binne. Ek is der noch in grutte groep dy't twifelet oer syn of har stim. Op 1 juny wurdt in referindum oer de grûnwet hâlden.

Tongersdei wie der yn it Abe Lenstra- stadion op it Hearrenfean in diskusje, mei ynliedingen fan in foar- en in tsjinstanner fan de Europeeske grûnwet. Guon minsken lieten har oertsjûgje troch de arguminten, oaren krekt net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)