Brân op 'e Gordyk falt ta

20 maaie 2005 - 11:44

De brânwacht hâlde rekken mei in rampsenario tongersdei by in brân op De Gordyk. De skea foel lykwols bot ta. De brân wie by moadehûs Rinsma, midden yn it histoarykse sintrum fan De Gordyk. Wurksumheden oan it dak wiene de oarsaak. De korpsen fan De Gordyk en Beetstersweach waarden ynskeakele.

Der is allinnich wat wetteroerlêst yn in kantoarke. De kleankolleksje hat net te lijen hân fan de brân. De winkel is ek gewoan iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)