Aksje keamerleden streekferfier

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerleden komme yn aksje foar it behâld fan it busferfier sûnder taslaggen yn it Fryske bûtengebiet. Frou Gerkens fan de SP hat in debat mei minister Peijs fan Ferkear oanfrege. Sy fynt dat yn hiel Nederlân itselde nivo fan busferfier garandearre wurde moat.
Twadde Keamerlid Duyvendak fan GrienLinks hat fragen steld oan de minister oer de taslach fan twa euro op ûnrendabele lijnen. De ferkearde minsken wurde dêrmei troffen, stelt hy.