Nije riedshearen gerjochtshôf

By it gerjochtshôf yn Ljouwert binne tongersdei fjouwer nije riedshearen ynstallearre. De kâns is lykwols grut dat se oer in jier al wer oerstallich binne. It kabinet hat plannen om it folle djoerder te meitsjen om nei de rjochter te stappen. Nei ferwachting komme dan 10% minder saken foar it hôf.
Dat soe neffens presidint Daan Keur betsjutte dat foar yn elts gefal fiif riedshearen eins gjin wurk mear is. Dochs koe er net oars as de nije minsken oannimme, om't it hôf in grutte achterstân hat.