Ungelok op wei Bûtenpost-Boerum

© Omrop Fryslân
By in oanriding tusken twa auto's op de Ryksstrjitwei tusken Bûtenpost en Boerum is tongersdei ien persoan om it libben kommen. Twa oare minsken rekken ferwûne. Ien fan harren is der slim oan ta en is opnaam yn it Universitair Medisch Centrum yn Grins. De oare is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.
De brânwacht moast ynset wurde om ien fan de slachtoffers út de auto te heljen.