Twadde druk fan Frysk fûgelboek

20 maaie 2005 - 10:16

Fan it Frysktalige fûgelboekje fan it Fryske Gea en útjouwer Steven Sterk is in twadde druk útkaam. Yn it boek steane fûgelsoarten beskreaun dy't yn Fryslân foarkomme, mei foto's derby.

It is foar it earst dat fan in Frysktalich boekje yn sa'n koart skoftsje tiid sa'n soad eksimplaren ferkocht binne. It boekje is trije moanne lyn presinteard. Der binne doe 5.000 fan makke. Yn de twadde druk komme der nochris 4.000 yn de ferkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)