Weening 32ste yn Katalonië

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema waard yn de fjirde etappe, de keninginnerit, fan de Ronde fan Katalonië 32ste. Hy hie in achterstân fan trije minuten op de Italiaanske winner Leonardo Piepoli. Dêrmei wie Weening de bêste Nederlanner.
Yn it algemien klassemint stiet de Fryske Rabobank-hurdfytser op it 33ste plak. De Oekraïner Jaroslav Popovitsj is de nije lieder. Weening moat 3 minuten en 26 tellen tajaan op de klassemintslieder.