Jonge Feansters wurde sande

20 maaie 2005 - 06:50

Jong Hearrenfean wûn tongersdeitejûn de lêste wedstryd fan de beloftekompetysje mei 4-1 fan Jong FC Utrecht. Op sportpark Skoatterwâld makke Emmerik de Vriese twa goals foar de Feansters.

Jong Hearrenfean, de ploech fan trainer Henk Herder, einige mei 37 punten út 26 wedstriden op it sande plak. Jong Ajax is de kampioen mei 58 út 26.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)