Flechtlingewurk wurdt lytser

19 maaie 2005 - 23:12

Flechtlingewurk Fryslân set it mes yn de organisaasje. Fan de fyftjin wurkgroepen bliuwe fiif oer, sa makket de direkteur bekend.

In soad gemeenten bouwe har subsydzje oan de organisaasje ôf. It Hearrenfean meldt dat de stipe fan 85.000 euro skrast wurdt. Dat hat te krijen mei it feit dat der folle minder asylsikers it lân yn komme. Begjin juny wurde de gefolgen fan de reorganisaasje by Flechtlingewurk Fryslân dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)