Rembrandtjier goed foar Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân kin in soad bûtenlânske toeristen lûke fanwege de 400ste bertedei fan Rembrandt. Dat seit steatssiktaris Van Gennip fan Ekonomyske Saken. Takom jier is it syn 400ste bertedei. Yn Amsterdam en Leiden binne grutte eksposysjes oer de ferneamde skilder út de Gouden Ieu.
Fryslân moat dêrop ynheakje mei aktiviteiten, seit Van Gennip. Rembrandt wie troud mei Friezinne Saskia van Uylenburgh.