Lichte groei Fryslân Miljeu

19 maaie 2005 - 15:53

Offalopheller Fryslân Miljeu hat it jier 2004 ôfsletten mei in lyts posityf resultaat. De omset is mei 655.000 euro groeid nei 19.625.000 euro. De direksje is tefreden oer de taname, seker as der rekken hâlden wurdt mei de mindere ekonomyske situaasje yn 2004.

Fryslân Miljeu is sûnt dit jier opgien yn de nije organisaasje Omrin, tegearre mei susterorganisaasje Offalstjoering Fryslân. Fryslân Miljeu sammelet foar sechstjin Fryske gemeenten ôffal yn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)