International ferlit Flyers

19 maaie 2005 - 12:36

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers fan it Hearrenfean ferlieze ien fan de wichtigste spilers oan in konkurrint. It giet om Bert van der Braak. De international giet nei de Trappers út Tilburg.

De 22-jierige oanfaller is oanlutsen troch Trappers-trainer Dave Hyrsky. Hyrsky is foarich seizoen noch opstapt as trainer fan de Flyers. Van der Braak spile ien seizoen foar de Vadeko Flyers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)