Skier aanst wer by Fryslân
Skiermûntseach heart ynkoarten wer folslein by de provinsje Fryslân. De Steaten binne woansdei akkoart gien mei in grinskorreksje.
It eilân is de ôfrûne jierren nei it easten ta opskood en dêrtroch foel it útein fan Skier ûnder de Grinzer gemeente Eemsmond. Dat wurdt no dus wersteld troch de gemeentegrins offisjeel in stikje op te skowen.