Presintaasje KunstRAI goeie saak

18 maaie 2005 - 15:28

De sintrale presintaasje fan Buro Leeuwarden op de KunstRAI yn Amsterdam hat positive gefolgen foar it kulturele wrâldsje yn Fryslân. Dat ferwachtet direkteur Cees van 't Veen fan it Fries Museum yn Ljouwert.

Buro Leeuwarden is it poadium foar moderne keunst fan it museum, dat útnoege wie om de sintrale presintaasje op de KunstRAI te fersoargjen. De RAI duorre fan ferline wike woansdei oant en mei Pinkstermoandei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)