Waadrinner fan sânplaat helle

18 maaie 2005 - 14:42

Rêdingsmaatskippij KNRM hat tiisdei in badgast fan in sânbank by Skiermûntseach helle. De man wie in waadrinner mei ûnderfining. Hy woe in skoftke op de sânbank bliuwe en dy nachts werom rinne.

De plysje fûn de aksje net ferstannich. Nei in skoft oantrunen is de man mei de rêdingsboat werom gien nei Skier. It giet om in sânbank bynoardwesten fan it eilân, dêr't alle jierren in soad waadrinners fêst komme te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)