Flylân oerlibbet bestjoerskrisis

© Omrop Fryslân
De bestjoerskrisis op Flylân is tiisdeitejûn mei in sisser ofrûn. De moasjes fan wantrouwen tsjin it kolleezje hellen it krekt net. Der wie wol swiere krityk op it funksjonearjen fan boargemaster Van der Mark. Neffens VVD-fraksjefoarsitter Visser kin dy it bêste syn fakânsjedagen opnimme. Van der Mark nimt op 1 july ôfskie.
De posysje fan it kolleezje kaam faai te stean fanwege in skeel mei de ried oer de slutingstiden fan de hoareka.