Plysje siket fermiste Snitser

18 maaie 2005 - 09:50
Foto: Omrop Fryslân

De plysje en de Mobile Ienheid (ME) hawwe tiisdei manmachtich yn 'e bosk tusken Sint Nyk en Langwar socht nei in 44-jierrige man út Snits. De man is sûnt tongersdei fermist. Hy is freed foar it lêst sjoen by kunde yn Sint Nyk.

Der is fuortendaliks grut alarm slein omdat de man beslist medisinen hawwe moat, dy't er net meinommen hat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)