Dochs gjin ferfanger foar Visser

18 maaie 2005 - 08:41
Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Visser fan Skylge krijt dochs gjin ferfanger. De boargemaster is al in skoft siik en dêrom waard der oer tocht om in ferfanger te sykjen. Dat bart no net om't it better liket te gean mei Visser.

De boargemaster tinkt dat er oer in pear moanne wer oan it wurk kin. It kolleezje besjocht no oft der in tydlike ferfanger achter de hân hâlden wurde kin, foar it gefal dat it wer minder giet.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)