Bestjoer Ljeppers Bûn wer aktyf
It haadbestjoer fan it Frysk Ljeppers Bûn is tiisdeitejûn offisjeel wer oantreden. Dat barde nei in stimming op in ledegearkomste dêr't alle ôfdielings útsein De Westerein oanwêzich wiene.
It bestjoer wie opstapt nei in skeel oer de springskâns op De Westerein. Dy soe net feilich wêze. De ôfdielings hiene it opstapte bestjoer al earder fersocht werom te kommen. It bestjoer ferwachtet der wol út te kommen mei De Westerein.