Faksinaasjes mei koarting

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân sil kommende simmer sprekoeren hâlde, wêrby't fakânsjegongers mei koarting faksinaasjes helje kinne. Dat moat der foar soargje dat mear fakânsjegongers har ynintsje litte, bygelyks foar in reis nei Turkije.
Der binne alle jierren wer minsken dy't harren net ynintsje. Dat soarget derfoar dat it tal hepatitis-A-gefallen yn Fryslân alle jierren tanimt.