N356 by Brantgum wurdt feiliger

18 maaie 2005 - 07:45

De N356 by Brantgum wurdt feiliger makke. De provinsje stelt 550.000 euro beskikber om de provinsjale dyk dêr te smeller te meitsjen, sadat auto's der stadiger ride sille. De krusing mei de Roasterwei wurdt ferhege. It asfalt wurdt ferfongen troch klinkers.

De ôfrûne jierren hawwe der in soad ûngelokken west op de provinsjale dyk by Brantgum. Ein 2006 sette de wurksemheden út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)