Frachtwein mei ierappels kantele

© Omrop Fryslân
Op de Haerdawei bij Easterbierrum is yn de nacht fan moandei op tiisdei in frachtauto mei ierappels kantele. De lading bedarre op 'e dyk.
De frachtweinsjauffeur is by it ûngelok ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei de oanlieding fan it ûngefal. De dyk tusken Seisbierrum en Easterbierrum hat dêrom in skoft ôfsletten west foar it ferkear.