Brân yn pleats Broeksterwâlde

18 maaie 2005 - 07:37

In brân op in pleats yn Broeksterwâlde wie tiisdei gau ûnder kontrôle. Tsjin fjouweren kaam de melding dat der in skuorre mei 50 kij yn de brân stiet. It fee wie lykwols bûten en is net ferwûne rekke. Der is op en om de pleats wol asbest frijkommen.

De brânwachtkorpsen fan Damwâld en De Westerein binne ynset. De skea oan de pleats wurdt rûsd tusken de fiif- en tsientûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)