Risikokaart te risikofol

17 maaie 2005 - 14:27

De provinsje Fryslân soe de risikokaart fan syn ynternetside helje moatte. Op dy kaart stiet wêr't mooglike gefaarlike plakken binne, lykas gemyske bedriuwen en gasdepots.

Minister Remkes fynt dat de risikokaart fan ynternet ôf moat, omdat der ynformaasje op stiet dy't mooglike terroristen brûke kinne. Earder makke de VVD him dêr ek al soargen oer. Kommissaris Nijpels siet der doe net oer yn dat de kaart misbrûkt wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)