Hearrenfean wint yn Grins
SC Hearrenfean wûn snein mei 1-2 yn en fan Grins. Troch de winst op Grins is Europeesk fuotbal feilichsteld. Daniël Berg Hestad iepene de skoare foar Hearrenfean nei 25 minuten. Yn 'e twadde helte makke Klaas-Jan Huntelaar der 0-2 fan.
Buijs die foar Grins wat werom en bepaalde de einstân op 1-2. Konkurrint Vitesse ferlear mei 0-2 fan Ajax. Hearrenfean is wis fan it fyfde plak, dat rjocht jout op Europeesk fuotbal.
Trefwurden:
argyf