Eigen radio foar toeristen
Toeristen yn it Waadgebiet kinne tenei ôfstimme op in 'eigen' radiostjoerder. Ein ferline wike is Radio Waddenzee begong mei test-útstjoerings.
It stasjon stjoert út op de middengolf en rjochtet him spesjaal op toeristen yn Noard-Nederlân. It wie earst de bedoeling om de stjoerder ferline simmer al yn de loft te krijen. Mar troch beswieren moasten de plannen útsteld wurde. Begjin july begjint Radio Waddenzee offisjeel.
Trefwurden:
argyf