Boek oer wetterhûn presintearre

16 maaie 2005 - 12:04

Histoarikus en skriuwer Wiebe Dooper fan Snits hat sneon in boek oer de skiednis fan 'e wetterhoun presintearre. It boek waard yn Warten oanbean oan de nije boargemaster fan Boarnsterhim, Ella Schadd-de Boer.

Ien fan 'e wichtichste konklúzjes fan Dooper is dat de foarâlden fan 'e hûn út Ingelân komme en net út Noarwegen. Foar auteur Dooper fan Snits is it boek oer de wetterhoun al it tredde oer dizze Fryske bistesoarte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)