Oppakt foar rôf fan njirrekrûd

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon yn Ketlik seis froulju en in man oanhâlden fanwege it meinimmen fan njirrekrûd fan in terrein fan Steatsboskbehear. It giet om froulju út Goutum (57), Ljouwert (53 en 44), Barcelona (43) en Assen (38) en in man (48) fan Delfsyl. Se hiene al seis grutte pûden fan it guod sammele om der sop fan te meitsjen. Se hiene hjir lykwols gjin tastimming foar.
De plysje hat de pûden yn beslach nommen en proses-ferbaal opmakke.