Wytmarsum winner Jong Nederlân

15 maaie 2005 - 16:28

Wytmarsum hat de Jong Nederlânpartij wûn. Yn de finale waard wûn mei 5-3 en 6-6 fan Easterein. Wytmarsum keatste mei Jacob Zaagemans, Herman Sprik en René Anema. Easterein, dat de ferassing fan de dei wie, keatste mei Marten Faber, Pytrik Hiemstra en Dirk Sjaarda.

De tredde priis wie foar de partoeren fan Reduzum en Ried. Oankommende Pinkstermoandei is it Nederlânsk Kampioenskip foar senioren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)