Spanner komt mei twadde CD

15 maaie 2005 - 14:54

De Fryske band Spanner sil op freed 10 juny harren nije CD Solid Ground presintearje yn teater Romein yn Ljouwert. Solid Ground is de twadde plaat fan de band fan eks-Kastsjonger Syb van der Ploeg.

Twa jier lyn kaam de debút-cd Wonderful World út. Dy plaat die it foaral goed yn Dútslân. De nije cd wurdt nei de simmer yn Dútslân útbrocht. Spanner sil op 8 juny ek in optreden jaan yn Berlyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)