Noch gjin promoasje 3e klasse B

© Omrop Fryslân
De lêste kompetysjewedstryd tusken de beide koprinners yn de tredde fuotbal- klasse B hat noch gjin beslissing oer de promoasje opsmiten. Sawol Feanwâlden as Bûtenpost hiene 49 punten.
Sneon waard it lykwols 2-2. Feanwâlden spile in sterke earste helte: Jelmer Sijtsma makke de 1-0. Mar yn de twadde helte skoarden Eric Rispens en Arjen Bieleman foar Bûtenpost. Jelmer Sijtsma makke de 2-2 út in frije traap. Tiisdei spylje de klubs wer tsjininoar.