SDS kampioen fan de 2e klasse

15 maaie 2005 - 14:43
Foto: Omrop Fryslân

SDS is kampioen wurden fan de twadde klasse K. De ploech út Easterein wûn de lêste wedstriid fan it seizoen mei 0-3 yn De Pein fan ONT. Troch de winst bleau SDS trije punten foar op Broekster Boys.

De Ljouwerter Sweltsjes moatte noch in beslissingswedstriid spylje om net rjochtstreeks te degradearjen. De Sweltsjes spilen mei 2-2 gelyk tsjin PKC en komt dermei op gelinkense hichte mei The Knickerbockers.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)