Muskusratten wol mei fûke fange

© Omrop Fryslân
Muskusratten yn Fryslân kinne gewoan fongen wurde, seit Europarlemintariër Albert Jan Maat. Hy reagearret dêrmei op de betizing by it Wetterskip Fryslân oer in nije Europeeske regel.
Europa fynt dat muskusratten net mear mei fûken fongen wurde meie, want it duorret te lang foar't se dea binne. Yn Fryslân wurdt hast trijekwart fan de muskusratten mei de fûke fongen. Foar Fryslân kin in útsûndersing op de regel makke wurde, seit Albert Jan Maat.