Harnzer útlevere oan Frankryk

© Omrop Fryslân
In Harnzer (39) mei útlevere wurde oan Frankryk, sa hat de rjochtbank yn Amsterdam besletten. De man wie mei trije oaren belutsen by in grutte drugssaak. De oaren, út Urk en Grootebroek, wurde ek útlevere. De fjouwer soene mei in kriminele bende fan 2001 oant begjin dit jier minstens 50.000 kilo hasj en kokaïne fan Spanje nei Nederlân ferfierd hawwe. De Frânske plysje ûnderskepte in frachtwein fol mei drugs.