Iepen dei finzenissen

15 maaie 2005 - 13:41

Finzenissen De Marwei en de Blokhûspoarte yn Ljouwert hiene sneon de doarren iepen foar publyk yn it ramt fan in lanlike iepen dei. By De Marwei hiene 360 minsken har opjûn foar in rûnlieding, yn de Blokhûspoarte 250. Dat moast yn it foar gebeure.

De iepen dei is bedoeld om foaroardielen by de besikers wei te nimmen. Yn hiel Nederlân hâlden hûzen fan bewar, finzenissen, tbs-kliniken en jeugdynrjochtingen iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)