Tichelaar nei New York

15 maaie 2005 - 13:36
Foto: Omrop Fryslân

Keninklike Tichelaar út Makkum stiet de kommende dagen mei keramykprodukten op in prestisjeuze eksposysje yn New York. It doel is om yn Amearika klanten te finen. Earder besocht it bedriuw ek al yn Milaan in foet oan de grûn te krijen.

Tichelaar is yn New York op útnoeging fan de Amerikaanske moadeûntwerpster Donna Karan. Se is yn eigen lân en ek ynternasjonaal tige ferneamd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)