Psychiatrysk pasjint makket amok

15 maaie 2005 - 13:25

In man (48) út Peinjum hat freed mei in stik hout wyld om him hinne slein. Hy bedrige minsken yn Peinjum en sloech dûken yn ferskate auto's. Yn Wytmarsum bedrige er ek noch in bern. Te foet nei Harns hie er fierders mei de kneppel op in ridende bus ynhuft.

Uteinlik waard de man by it sikehûs fan Harns oanhâlden. De plysje moast de wapenstôk en pepperspray brûke om him yn de boeien te slaan. De psychiatry is ynskeakele om de man te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)