Hûnekuiertocht op it Bilt súkses

© Omrop Fryslân
De earste hûnekuiertocht troch it Bilt krijt takom jier mooglik in ferfolch. De organisaasje wie sneon mei 50 hûnebesitters en 25 hûnen dik tefreden. Sy rûnen om seis oere moarns al by de Biltdiken del.
De tocht waard organisearre yn it ramt fan Bildt 500. De dielnimmers kamen oeral út Fryslân wei. Der wurdt meiïnoar 10 kilometer rûn. De tocht waard ûnderbrutsen troch in moarnsbrochje op de âlde seedyk.