Jongeskeatsen yn Amsterdam

15 maaie 2005 - 12:18

De KNKB hâldt op sneon 28 maaie in keatswedstriid foar jonges yn Amsterdam. It giet om in ôfdielingswedstriid dat plak fynt op in sportpark yn de stedswyk Geuzeveld, sa hat keatsbûn KNKB bekendmakke. De wedstriid is tagelyk mei in iepen dei en in sport-ynstuif foar de jeugd.

De keatsclub Amsterdam hopet sa mear jongerein te lûken. Keatsbûn KNKB lit in bus út Fryslân wei ride nei Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)