Goedhart nei Harkemase Boys

15 maaie 2005 - 11:55
Foto: Omrop Fryslân

Patrick Goedhart giet fan profklub BV Veendam nei Harkemase Boys. De 22-jierige spiler komt fan BV Veendam omdat hy der net oan spyljen ta kaam. Goedhart siet wol yn de earste seleksje, mar hy spile benammen by it beloften-alvetal. Goedhart komt by Harkemase Boys de oanfal fersterkje.

It seizoen is al dien foar de haadklasser, mar Harkemase Boys spilet hjoed om 17.00 oere noch in oefenwedstriid tsjin ONS Snits.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)