'Yntimidaasje B en W Flylân'

© Omrop Fryslân
B en W fan Flylân intimidearje de riedsleden, seit PvdA-fraksjefoarsitter Gieles. It kompromisfoarstel oer de hoarekatiden is dertroch drukt. It giet dan om de wize wêrop't it foarstel op de aginda set is.
Oer de slutingstiden is in krisis ûntstien. De ried is foar trije oere, mar it kolleezje fynt twa oere wol genôch. By wize fan kompromis wol boargemaster Van der Mark op proef takom jier lettere slutingstiden.