Oppakt mei wapens en drugs

14 maaie 2005 - 13:09

Twa manlju binne freedtenacht yn Drachten oanhâlden foar it yn besit hawwen fan wapens en drugs. Se foelen op omdat se mei in gonkje fan 20 kilometer yn 'e oere mei de auto rieden.

It giet om twa manlju fan 20 jier en 19 jier út Ravenswâld en Easterwâlde. Se hiene in dolk en in Indonesysk swurd, in klewang, en trije xtc-pillen hy harren. De manlju binne arrestearre en ek harren auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)